Ik Bin Net Bang
Tekst en Muzyk: Rikkert Zuiderveld
Oersetting: Tineke Schilstra-Kalsbeek / Syb van der Ploeg

Moarn wêz dêr net bang foar
Wat ek komme mei
Hy sil foar dy soargje
Eltse dei
Myn libben lang
Bin ik net bang

Wêz net bang foar minsken
Soms docht ien dy sear
Do oerwinst troch leafde
Fan dyn Hear
Myn libben lang
Bin ik net bang

Wêz net bang foar dingen
Fiel dy net ferlern
Hy sil by dy wêze
Dat silst sjen
Myn libben lang
Bin ik net bang

Staat op: Bûter, brea en... Elly & Rikkert